Harje de bom (+updeet)

Hee, wat aardich, fannemiddei is der in literêre Stedskuier troch Ljouwert. Ik soe der eins hinne moatte, sa tocht ik yn earste ynstânsje, neidat ik juster Pieter de Groot  syn rubryk Harje lies:

‘Ook als de schrijver negatief in
het nieuws is gekomen, wordt
dat niet verzwegen. Zo wordt bij
de Grote Kerk verteld over de
valse bommelding van Cornelis
van der Wal, die hier in juni 1998
de Fryslân 500-herdenking
verstoorde. Het leverde hem zelf
trouwens een kostelijke novelle
op (‘Kening Kees’).

It hie oars ek wol sa fatsoenlik west fan de organisators om my dat ek efkes te melden. Ik wit fan neat. It fyn it prima oars, hear! Sterker noch, ik stean der noch altyd folslein achter. Al binne dy straffen no al in stik heger, dat… Kening Kees leit lykwols al (tige betiid) by de Slegte. En dat is ek sûnder myn meiwitten bard. Sil wol sa hearre.

Ik haw der dus efkes oer neitocht om der hinne, mar bin tink te let. Boppedat hâldt in sekere Abe de V. (nij knuffeldier fan Teake O.) in praatsje oer Pier Pander, en it gejank fan Wiltsje fan Peazens wol ik mysels ek net oandwaan.

Ik sil oars al efkes kontakt opnimme mei de ferantwurdliken oer dizze saak.

Mpoarn in ferslach fan Castricum, dat wie tige slagge.

Iten jûn noch net bekind…

Updeet: ik sil der aansens dochs efkes hinne.

 

Comments 1