Samle aaien

Hee, it Friesch Dagblad fan ôfrûne sneon efkes trochlêzen. Benammen de Sneinspetiele is oer it generaal wol nijsgjirrich. Spitich dat se net soks as in sneons-abonnemit hawwe. Oan de oare kant: yn de byb is it fergees. Dêr leit nammers ek in geskink fan Remco Campert, mar dat hoech ik net. Bin gjin Campert leafhawwer, nea west.

Mar wêr’t ik it oer hawwe woe dat is… Ja, it muoit my, it is Abe de Vries. Dy hat in grut (grut yn de sin fan: der steane in soad wurden yn) artikel skreaun nei oanlieding fan it ferskinen fan de Samle fersen fan Douwe Tamminga. Hmm… € 55,- moat dat kostje. Fierstente djoer, hoe krije se it yn ‘e plasse.

Wel, jonges en famkes, dat stik fan De Vries giet nèt oer de fersen fan Tamminga, nee, frijwol dat hiele besprek giet oer de ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga. Abe fynt dy ynlieding mar neat. Sa wurde wy dus net gewaar hoe’t Abe oer Tamminga syn poëzij tinkt, mar hoe’t er oer Wielenga tinkt. Sa hawwe jo gau in stikje klear. Hoege jo dy drege gedichten net te lêzen. Lekker maklik.

Soks mei gjin poëzijkrityk mear hjitte, is myn miening. Want it giet net oer poëzij, mar is skreaun út frustraasje wei. Folje sels mar yn wêr’t dy frustraasje weikomme kin…

Jûn aaien yn kerrysaus en wat derby.

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

4 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Bildtfries
Bildtfries
11 years ago

Ik soe de resinsje fan De Vries fan sneon yn it FD noch mar ris goed lêze. Hy hat neffens my wòl in miening oer de fersen fan Tamminga, en omt hy dy fersen blykber tige heech hat fynt hy de ynlieding fan frou Steenmeijer no krekt fier ûnder de maat. (Of hawwe jo faaks dizze wat dwerse miening omt jo “opponint” De Vries de resinsje skreaun hat?
Koart sein: op nei de Snitser boekwinkel en de ynlieding fan frou Steenmeijer lêze! Wat de priis fan it boek oanbelanget: dêroer bin ik it folslein mei jo iens!

sjieuwe borger
sjieuwe borger
11 years ago

mar Abe hat wol gelyk oer de ynlieding fan tineke, fyn ik.

4
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x