Cornelis van der Wal

Go-Gol út ‘e loft.

It literêr tydskrift Go-Gol is út ‘e loft helle. No kin it fansels sa wêze dat de webmaster(esse) mei reparaasjes of updates dwaande is, mar opmerklik is yn elts gefal dat ek de link dy’t by dizze blog heard net mear wurket. Ris sjen oft Google noch wat yn ‘e cache sitten hat… Nee, en dat is tige spitich, stom dat ik it net opslein haw. Ik tink dat E. Schotanus, tegearre mei Arjan Hut en Eeltsje Hettinga ferantwurdlik foar dit tydskrift,  der op oansprutsen is, ôfrûne moandei, by it breinstoarmjen. Dat binne ek net sokke moaie teksten, no, dat ien opropt om jo de nekke om te draaien. Mar ek tige lef, om it no fuort te heljen. Faaks kin ien it dochs noch fine of is it earne opslein?

Mar, sa’t ik al skreau, it kin ek tydlik wêze, dat faaks kinne wy al dat fijns aansens wer werom lêze.

Moarn fine jo hjir it ferfolch fan myn besprek fan de nijste Moanne, want it is fansels net earlik om al dy skriuwers oer te slaan, dy’t gjin skuld hawwe oan it publisearjen fan dat agressive stik fan E.S.

Agressyf? Hoesa agressyf? Ik waarmje jûn in pantsje bamy op.


Posted

yn

troch

Reakce

2 antwurden op “Go-Gol út ‘e loft.”

  1. Grutte Pier Avatar

    Tempus omnia revelat, no.

  2. André Avatar

    Tsja.

    Ik hie dêr lêsten noch efkes nei trochklikt, doe’st it op dyn blôch meldest. Ik mien my noch te herinnerjen dat der wat stie as: “Wurdt it net tiid dat ien (…) Cor van der Wal de nekke omdraait?” Of sa, en dêrnei noch wat ûnûnderbouds oer dyn poëzy-resinsjes.

    Soest soks mar nei de holle smiten krije.

    Fierders fûn ik it oars ek mar in rottich negatyf stik. E.S. hie dêryn op harsels wol in punt dat it frjemd as dat der yn’e Fryske literêre wrâld safolle macht by Tresoar te lizzen komt. Mar se skeat har punt folslein foarby troch der in hiele rige ad hominems tsjin Fryske skriuwers by te dwaan, en it gehiel yn sokke bewurdingen te sizzen as leit de hiele Fryske taal en letteren derby as in dea lyk dat de muoite fan it réanimearjen net wurdich is.

    Mar dochs, spitich foar de skiednisskriuwing fan’e Fryske literatuer dat dit wichtige stik online-proaze fan frou Schotanus ynienen poater is.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.