Dichtkeunst besmet by bobo’s

Earjuster haw ik se mar in mailtsje stjoerd, de minsken achter Boeken fan Fryslân. It foel my nammentlik op, dat der alhiel gjin dichtwurk ûnder it kopke ‘Alle boeken‘ te finen wie. Jo riede it fansels al: gjin antwurd, wylst ik dochs tige fatsoenlik wie yn myn fraachstelling. It hat der in soad fan wei dat de dichtkeunst in soarte fan besmette foarm fan literatuer oant it wurden is, wat de boeke-bobo’s fan Fryslân oanbelanget.

Earder ommers al, ik skreau der hjir al oer, waarden by it POD (Printing on Demand) projekt fan Tresoar en konsorten de poëzijbondels net meinaam. It soe oer in pear jier goedkomme. Ik moat it noch sjen!

Noch efkes wat oars: wêr bliuwt dat brief fan it Skriuwersboun dêr’t de Grutte Lieder Koos Tiemersma it oer hie. Set him op Koos!

Jûn stampot soerkoal mit Schnitzel

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
elmar kuiper
elmar kuiper
10 years ago

Hoi Knilles,

De wrâld sil de dichters noch hurd nedich ha!
Boeken fan Fryslân rûkt oan de eigen nâle.
Ek neat mis mei.