Nee, se hawwe noch net it fatsoen hân om my in antwurd te jaan, mar op de side fan Boeken fan Fryslân steane no al in pear dichtbondels. It giet de goede kant út. Hoopje ik. Noch gjin Kristus Pavlov synjalearre oars!
Oer ûnfatsoen sprutsen… By de Ljouwerter Krante kinne se der ek wat fan. Daam de Vries skreau juster al oer de lege siden dy’t de lêste tiid yn de digitale edysje fan de LC sitte. Bygelyks it grutte artikel oer it Grut Frysk Wurdboek yn de Freed fan ferline wike. Ik haw se dêr oer maild, mar der komt gjin antwurd. En wier, ik bin sa fatsoenlik as it mar kin. No noch al. En nee, dy siden binne noch altyd net te sjen.
Snert. Dat sil ik dus aans ite.