Fisk-Sensuer mei saus

No, de Ljouwerter Krante hat my dy ûntbrekkende siden tastjoerd, as pdf. In korrekte gong fan saken, ynoarder.

Ris sjen hoe’t it mei Boeken fan Fryslân is… En dan benammen de poëzij… Nee, in sekere Cornelis van der Wal sit der noch net tusken… It is in boycott tink. Of it hat wat mei Bornmeer te krijen… Dêr bin ik opstapt. De mannen [SENSUER], dat se ek noch [SENSUER] yn har [SENSUER] hawwe, is se blykber ûntsketten.

Ik draaf efkes nei ûnderen ta, sjen oft de nije Moanne al yn ‘e brievebus leit… Yep, ik haw him. De foarside sjocht der… nee, lit mar.

It ferneatigjende stik oer de kulturele haadstêd hie ik al lêzen. Hjir. It is ek wier ferbjusterjend, dat deputearre De Vries mei droege eagen ferklearre dat besteande projekten, dy’t ek sûnder KHS gewoan trochgean soene, no ûnder de paraplui fan de KHS beflapt wurde sille. Witte jim wat? Wy rekkenje gewoan alles wat in bytsje kulturelich is by de KHS. Allinnich Knilles net, mei ik hoopje.

It is in misferstân dat ik yn prinsipe tsjin bin op dit projekt. It jout lykwols gjin pas om op kultuer te besunigjen en dan tagelyk miljoenen út te jaan oan in projekt mei in wetterholle. Al fanôf it begjin is dit  ferkeard opsetten, fan boppe-ôf oplein. Se hiene ek witte kinnen dat Fryslân net as stêd beskôge wurde koe. En dy Henk Keizer… Wêrom sjogge wy dy noait foar de tv? Net dat ik dêr op sit te wachtsjen… Mar hy hat al wat út te lizzen…

Ik sis: NET DWAAN!

It sil bekend wêze dat der ek oaren binne, dy’t der oars oer tinke. Dat kin, dat mei. Mar dan hielendal trochslaan en skriuwe fan: ‘Op it spul steane oplossingsrjochtingen dy’t foar in protte ferlykbere gebieten yn Europa nijsgjirrich wêze kinne. Wy sels en ús bern steane op it spul’… Benammen de lêste sin… Jo kinne dan mei rjocht freegje fan: ‘doge jo wol?’

Jûn fiskstokjes mei kerrysaus en rys. Noch wat griente skoare aanst.

 

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
sjieuwe borger
sjieuwe borger
10 years ago

Hallo Cor,
Ja Bornmeer, dêr haw ik tige negative ûnderfiningen mei. Ik sil dy dêr ris oer ferhelje ûnder in potsje fan it ien of oar.
Ik freegje my dat ek wol ris ôf: soe it ea noch ris wat wurde mei de Moanne?
Groetnis, Sjieuwe

2
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x