Yllegaal sympoasium

Juster wie ik efkes yn Tresoar, boeken helje fansels. Net in soad minsken witte tink dat jo mei de pas fan de iepenbiere bibliotheek ek by Tresoar liene kinne. Dat wurke oant no ta ek goed, mar om ien of oare reden hat de iepenbiere byb it beteljen fan de kontribúsje net oan Tresoar trochjûn. Ik sil der moarn ris achteroan. Koe noch wol boeken meikrije.

Doe seach ik André Looijenga stean, it die bliken dat der krekt in sympoasium west hie, en dat it tiid wie foar in borrel. Fergees drinke, ik mei it graach dwaan. Dat ik luts in filosofysk antlit en dronk yllegaal in trijetal gleskes reade wyn. Stjoer de plysje mar.

Noch noflik yn petear rekke mei Bareld de Vries, yndied, de heit fan Jannewietske. Wy hawwe it net oer ynstjoerde brieven en sa hân.

Nijsgjirrich, yn it boekje dat ik liend haw stiet dat Douwe Kalma en Rintsje Sybesma inoar foar it earst yn Snits moete hawwe, op de brêge dêr’t ik hjir op útsjoch, hoeke Martiniplein – Stasjonwei. Is grif gjin tafal.

Haw juster bakje iten hân, jûn noch net bekind.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
10 years ago

In trijetal gleskes reade wyn? Koene jo wol thúskomme dan?