SENSUER BY DE MOANNE? + Neiskrift

No ja, net hielendal sensuer, en it kin ek in technyske oarsaak hawwe. Mar feit is dat it artikel fan Josse de Haan oer û.o. de hear T.O. net mear te lêzen is, wannear’t jo net witte dat it der opstiet. It stie ek net by ‘Lêst pleatst’.

Eigenaardich. No ja, hjir by Knilles dogge se net oan sensuer. Dat it artikel link ik hjir noch mar efkes.

It hat der dochs in soad fan wei dat der druk útoefene is om it stik ûnsichtber te meitsjen. By in sykopdracht nei bygelyks de namme fan de auteur ferskynt allinnich mar in fragmint fan it oanbelangjendende artikel. Wat is de folgjende stap?  

Dus

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

6 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
sjieuwe borger
sjieuwe borger
10 years ago

elske, it stik fan josse giet oer wat der barre kin as auteursrjochten oerdroegen wurde oan frjemden dy’t in eigen útlis jouwe oan in boek, net oer it net fine kinnen fan it stik by de moanne. groetnis, sjieuwe

ELske Schotanus
ELske Schotanus
10 years ago

In lêzer wol net atiten op in skriuwersnamme sykje, mar op ûnderwerp.

ELske Schotanus
ELske Schotanus
10 years ago

Dat in artikel net maklik te finen is, hat neat mei auteursrjocht te krijen, wol? Mei sensuer likemin, liket my. In unhandige yndieling fan de webside, dat al. Mar jildt foar ensafh.nl net likegoed dat artikelen net maklik werom te finen binne?

sjieuwe borger
sjieuwe borger
10 years ago

hallo cor, ik kin dit suver net leauwe, soe it oars net nochris op ensafh. pleatst wurde kinne? it is in hiel goed stik. it jout te tinken as frjemden mei de auteursrjochten útnaaie, dat is net goed foar de keunst, groetnis, sjieuwe