Fytse foar Schnitzels

Nee, gjin triomfantlik gefoel hjirre, wat it mislearjen fan de Kulturele Haadstêd oanbelanget. In trochstart is noch altyd mooglik. It antlit fan Frou deputearre De Vries stie lykwols net al te fleurich, juster by de Omrop.

Friezen wolle gjin feesten dy’t har troch de hege hearen en dames oplein wurde. En de twa jier dat it projekt no dwaande is, hawwe se allinnich mar mei jild smiten om it idee by de befolking troch de strôt te triuwen. En, yndied gjin wurd Frysk, sa as hjir ek earder konstatearre waard. Dat krije jo, wannear’t de projektlieder neat fan it Frysk hawwe moat, neat fan Fryske literatuer ôfwit. Yn feite hielendal neat foarstelt.

Wat al tige begrutlik is, dat is dat de Nachtrider syn autootsje aansens werombringe moat nei de garaazje. Dy waard ommers sponsere troch KH2018? Dat wurdt fytsen Abe! Jout neat, is goed foar de kondysje.

Ik sil aansens rjappels mei spinaazje en in Schnitzel ite.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *