No, dat fan dy katalogus kin byskreaun wurde op de lange list fan nuvere saken dy’t mei Tresoar gearhingje. Se hiene myn namme ferkeard yn it systeem ynfierd. Nee, ik sykje der neat achter. Of…
Bin ôfgryslik kréatyf oars, de lêste dagen. Haw nammers ek in I-Pod oanskaft. Dat is in soarte fan Iphone, mar dan sûnder de phone. Foar it earst dus echt mei Apple software oan de slach. Ik moat sizze: it is allegear krekt in bytsje moaier, eleganter as Windows of Android. En de karút wat programma’s oanbelanget is oerweldigjend.
Der steane ek noch oare saken op it programma, dêr’t ik no earst noch oer swije moat.
Haw in bakje iten opwaarme.
Post a Comment