Ja minsken, ik bin in bytsje drok mei allerhanne skriuwwurk, mar ik moat myn trouwe lêzerkes fansels net yn ‘e steek litte. Hee, wat sjoch ik by Buro de Vries?
De lêsklub oer de biografy fan prins Bernhard. Ien kear yn de moanne komt de lêsklub byien yn Buro de Vries om in boek te bepraten. Hylke Tromp, Nynke de Jong, Danijel Dizdarevic en Hetty Hafkamp besprekke hjoed it boek “Bernhard een verborgen geschiedenis” fan de yn Ljouwert berne Annejet van der Zijl.
Dus, ienkear yn ‘e moanne komme sizze *kuch* grutte geasten gear, foar in item yn it *kuch* kulturele radioprogramma Buro de Vries. Op de Frysktalige stjoerder Omrop Fryslân. Dan soene jo ek ferwachtsje meie dat der ris in Frysk boek besprutsen wurdt. Mar dat bart hast nea! Der wurdt mei lytsachting op de Fryske literauer delsjoen. “Dat kin ommers noait wat wêze.” As goedmakkerke sette se der dan by dat Annejet van Zijl yn Ljouwert berne is.
Op syn minst heal om heal, Fryske en Hollânske boeken besprekke, dat easkje ik fan Buro de Vries. En fansels in nij panel. Dy Hylke Tromp, dy’t mient dat er op syn minst de bêste kritikus fan Fryslân is, mar hielendal neat foarstelt, en it Vivafamke Nynke de Jong, mislearre by de Moanne, it wauweljende wyfke Hetty Hafkamp, mear Swiebertje as boargemaster, de… dinges Danijel Dizdarevic: se… mutte fut. En gau. En daliks.
Sil jûn bamy ite. Haw it juster al klearmakke.
Post a Comment