It byld fan Gysbert Japicx yn Boalsert is omwaaid. Foarbygongers seagen dat it byld neist de sokkel op de grûn lei en ha de gemeente warskôge. Meiwurkers fan ‘e gemeente ha it byld ophelle. Der wurdt no sjoen of it restaurearre wurde kin. It grutte brûnzen byld stie by de Martinitsjerke yn Boalsert.
It byld is yn 1966 ûntbleate troch keninginne Juliana. Yn novimber ferline jier is it byld noch skjinmakke troch de gemeente Súdwest-Fryslân.
Omrop Fryslân
Comments 2