Yn de mêst

Wy binne wer in jier âlder wurden! Yep, 56.

En ik haw in pear tige drokke dagen efter de rêch. It Snitser Gedichtebarren wie neffens my in grut sukses. Ek Suertsje de Vries, fan de Ljouwerter Krante, fûn it net ferkeard.

Juster haw ik ek yn Harns foarlêzen, mei as honorarium in oernachting yn in Heerenlogement.  Lekker sliept! En in prachtige jûn fierders. Ik hie myn brom-lûd opsetten by de foardracht. It wurke neffens my.

En och och KH18… Alwer in stupide flater fan de Frysk/Ljouwerter kandidaat. Se hawwe gewoan de statuten en regeleminten net lêzen, ús rju eale bestjoerders. Besteande projekten dogge net mei. Hie Jannewietske witte kind. En dy Siem de Jong kin noch altyd gjin Frysk prate.

It amateurisme yn de top fan de mêst fan de strontpream.

Haw hjoed net iten. Ik drink.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=HoqRKmOMqs4[/youtube]

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

4 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
josse
josse
9 years ago

LOKWINSKEN, mar sûp net safolle dat de keallen begjinne te migen, want dan…
(âld siswyske ut Snyp)

kate
kate
9 years ago

Hartelijk gefeliciteerd, Cor!

@te
@te
9 years ago

O ja, en dû moast ek noch de bêste groetenis fan Rein R. werom ha.

@te
@te
9 years ago

Fan herten lokwinske mei dyn jierdei, Cor!