Aap mei Prúk

Heu, ik haw krektlyn  it Fryslân DOK – bonusmateriaal Kulturele Haadstêd besjoen en beharke.

Efkes bykomme, want ek dêr begjinne se al wer daliks oer de Alvestêdetocht te eameljen. En it muzikantsje  Sytse Pruiksma  mient ek dat er hiel wat foarstelt. It keale keardeltsje hat him okkerlêsten frijwat ferfelend tsjin jo favorite dichter gedroegen, dat sa. Hy fûn my mar in âld sek, sa liet er dúdlik merke.

Oer Abe, ik bedoel Aapke de Vries is al genôch skreaun. It is wer ien en al geswets, sûnder ek mar in greveltsje ynhâld. Der sitte ek wis wol in pear goeien tusken, yn dat groepke, mar de meast ferstannige, de hear A.L.  komt net iens oan it wurd…

Gearfette:  âldehoerderij, foar in part goedbedoeld, mar it is de measten gewoan om jild te rêden, jild foar harsels dus. Dat is normaal yn dizze kapitalistyske maatskippij, mar kom dêr dan foar út!

Stampot rauwe andyvje, mei speklapechien

 

 

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *