To skriuw or not to skriuw

Wat lês ik no yn de Ljouwerter Krante? Koos Tiemersma, de Lieder fan de Fryske Skriuwers is no ynienen sels ek wer skriuwer wurden! Hy sil syn boeken tenei allinnich digitaal útjaan. Oare jier komt der in nije roman út, sawol yn it Nederlânsk as it Frysk.

En dat wylst er 08-01-2010 skreau:

‘Kryst 2009: skriuwer hâldt dermei op. Is dat nijs? Yn kultureel Fryslân blykber ál. Fleurich en tagelyk fernuvere ha ‘k alle publisiteit mar wat oer my hinne komme litten. Ik hie gewoan tocht dat it wol sa netsjes en ek handich wêze soe op dizze side oan te jaan dat it Fryske pintsje oan ‘e wylgen giet, that’s all. Handich, om’t ik sa net hieltyd wat útlizze moat as immen my freget oft der alwer in nij boek oankomt. Mear wie it net en mear is it net, it spyt my foar deselden dy’t der fan alles achter sykje wolle.’

It docht no dus bliken, dat myn stikeljen en niteljen fertuten dien hat. Dat, dus, no en alsa: ik lokwinskje sawol mysels as Koos mei dit moaie nijs.

Om mysels te traktearjen sil ik aanst bamy siede. Koos mei ek wol in hapke mei-ite.

P.S. by it berjocht mei it prachtige nûmer fan Sleigh Bells haw ik wer in nij filmke delsetten. Benijd hoe lang it stean bliuwt!

Comments 2