Sensuer fan Kulturele Typstra’s

Heden, it is my ek wat, skreau ik juster foar de feroaring ris wat freonliks oer de side fan http://www.2018.nl/ helje se ynienen in hiel soad krityske reaksjes fuort!

Ek dy fan my, mar ik haw him noch: ‘Wêrom stiet der gjin wurd Frysk op dizze side? Wy binne hjir twatalich, witte jo wol.’, sa skreau ik. No stelde dizze reaksje op himsels net folle foar, der binne lykwols ek wichtiger en wiidweidiger opmerkings ferwidere.

Alwer in flater fan formaat, dy’t ús Kulturele Typstra’s hjir meitsje.  Wêr binne se yn ‘e goedichheid mei dwaande? Se wolle graach dat wy meiprate, mar allinnich at se it der mei iens binne, sa docht bliken. Hoe neame wy sokke praktiken ek al wer? Krekt.

Folgje hjir dizze tige kwalike saak op de foet.

Ik haw stamppot reade biten mei spekjes en sipels makke. Yt it oer in oere op. Gehakbal derby.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
john bosma
9 years ago

Myn reaksje is ek fjorthelle en in nijsbrief mat noch altyd komme.

Gjin brief, gjin nijs?

Daam
Daam
9 years ago

Och hea, ja. En ik hie noch sa myn bêst dien!

Wat oars ek net sa handich is, is dat Nederlânsktalige reaksjes no net sichtber binne op de Frysktalige side en oarsom.