Spannend minsken! Oer twa dagen wurde de nominaasjes bekendmakke foar de Fedde Schurerpublykspriis! Der is al in side (min of te mear) yn de loft: http://www.fedde2012.nl Is’t net prachtich? Dat oer twa dagen witte wy net allinnich wa’t nominearre binne, mar kinne wy ek wer lekker fraudearje mei it stimmen. Of hat Tresoar de saken diskear al goed befeilige? IP-adres kontrôle is fansels net genôch.
In oare priis dêr’t ik wat fraachtekens by haw is de Filmpriis fan Tresoar. It is earne oars ek al synjalearre, mar jo krije mar in bytsje frijheid om jo kréativiteit te brûken. Mar faaks doch ik dochs mei, ik kin it jild wol brûke.
Dat lêste jildt ek foar de Religieuze Jorritsmapriis. Dy moat ik oars ek mar ris winne. Wy dogge ús bêst!
Waarmje in pear bakjes mei iten op. It is al lang lyn makke, dat ik wit net krekt mear wat it is, mar it beweecht yn elts gefal net.
Post a Comment