De oerwinning fan de brutsen kowekop yn de ripe mist + updeet

Ha! Dêr wiene se al, de nominaasjes foar de Fedde Schurer Publykspriis.. Dus net op 7 april, mar op de 6e al. No no, it is my in listke wurden! Stimme kin dus hjir.

De oerwinnings fan Tido Houtsma Thys Wadman
Fan glês it brekken Elske Kampen
Fol túch de mist yn Hidde Boersma
Gerben Rypma Eeltsje Hettinga
Indentiteit & kowesturten Abe de Vries

Nee, gjin Kening Kees, mar dat wie ek net te ferwachtsjen, mei de frou fan Hylke Tromp yn de sjuery. It systeem om te stimmen liket my bepaald net wetterticht. Gewoan meardere email adressen oanmeitsje en bygelyks fia de Tor Browser jo ip-adres hieltyd feroarje. Net dat ik dat sels doch, hear! Ik soe net doare!

Ik stim ien kear, op Elske Kampen. En dy heart it ek te winnen. As dy Kowekop it yn elts gefal mar net wint, dan bin ik al tefreden. En dy oare stoute Menear mei ek net mei de priis útnaaie. De oaren gun ik it fan herte!

Waarmje jûn stampot soerkoal op

UPDEET

Haw it dochs efkes besocht en noch in kear stimd. Sa lek as in einekuorke dames en hearen fan Tresoar! Dat, dejinge dy 2000 Eury winne wol kin syn/har gong mar gean.

Comments 8