In Aapke as streksum miel, lekkel!

Wier, jim moatte my leauwe. Wêrom? No, omdat ik it sis. Ik wie wier fan doel en skriuw tenei net mear oer it Aapke de Vries. Mar it moat dochs.

Ús Aapke hat nammentlik no in soartemint fan foto-útstalling yn Tresoar hingjen. ‘Rânelân is in fotografyske reis dy’t ‘visual poet’ Abe de Vries makket troch lânskippen en kultuer yn it krimpende noarden fan Fryslân.’ Visual poet dus. Dêr is gjin wurd geef Frysk by.

It begjint oars wol op te fallen, de kombinaasje Aapke en Tresoar. De man, no ja, it Aapke dus, kin der langernôch in bêst stik brea fan smarre. Hast net te tellen wiene syn foardrachten ferline jier, yn opdracht fan Tresoar, en no dus ek in útstalling. Soe it net better wêze, en lit ek ris in oar oan it wurd? Ien dy’t wat jonger is bygelyks? Wêrom hieltyd deselde? En foto’s meitsje kin eltse boerelul wol. Klik-klik en it is klear. Fotografy is gjin keunst, it is fierstente maklik.

En wat hearde ik in deimannich lyn roppen út de ûnmjitlike djipten fan in betroubere boarne wei? Aapke sil, mei in kompanjon, wer in útjouwerij opsette, spesjaal foar twatalige útjeften. Neffens my sil dizze útjouwerij soksawat as Hotsum hjitte. Ik wit der it fijne net fan, mar my liket dit Aapke no net daliks de meast oanwiisde persoan om in útjouwerij te begjinnen. De man, no ja, it Aapke dus, hat as direkteur de Friese Pers Boekerij sawat nei gychem holpen, en hat dêr, eins te let, dien krigen.

Nee, myn manuskripten krije se net! It projekt sil benammen bedoeld wêze om it Aapke syn eigen pompeuze, fan godstsjinstwaansin trochweakke fersen út te jaan.

Ik scil jûn wer in streksum miel siede yn de Arke.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
9 years ago

Stop, stop ! Oars kriget it aapke wêr in priis, no.