Fryske dichters diskriminearre yn Grins + Updeet: Sensuer by Peppelenbos + alwer in updeet

Ha! Dêr hawwe jo it wer: de hâlding fan de stêd Grins tsjinoer it Frysk. Ik bin, wat dat oanbelanget, bliid dat ik dêr wei bin. Fierders bliuwt it fansels in prachtstêd. Mar dy hate tsjin it Frysk is wier om te spuien.

Wêr haw ik it oer. Gjin idee. O, ja, it giet oer dizze side. Dichtstad Groningen. Is’t net in prachtige side? Ja, giet wol. Peter van der Wal (gjin famylje) ken ik noch út Ljouwert, dêr’t wy doe beide wennen. Mar wêrom stiet det gjin Frysktalich dichter by? Bestiet der gjin Pier Boorsma mear? En der moatte dochs mear Frysktalige poëten sitte dêre?

Mar neffens dy diskriminearjende Grinzers binne Frysktalige dichters hielendal gjin dichters.

Dat se dêr yn Grins net hielendal goed by de holle binne, bewiist ek de takenning fan it Belcampo-stipendium oan Friezehater Coen Peppelenbos. In figuer dat, literêr sjoen, hielendal neat foarstelt, mar al ferslaafd is oan literêre macht.

Bàh!

PS De kat is al wer opknapt. Tankewol foar de reaksjes.

Lekker ite jûn

Updeet: dizze reaksje ‘En, natuurlijk, helemaal geen Friestalige dichters op deze site. Men kon het verwachten. Nooit van Pier Boorsma gehoord, meneer Nieuwenhuis?’ waard fuorthelle troch de och sa romtinkende hear Peppelenbos. It wie in reaksje op dit berjocht. Ik sil sjen oft ik dy Nieuwenhuis sels ris oanskriuwe kin.

Mailtsje stjoerd oan de stedsdichter fan Grins:

Beste meneer Nieuwenhuis. Gefeliciteerd met de site Dichtstad Groningen. Volgens mij zijn er echter nog veel meer dichters, in Stad, dan degenen die worden getoond. Wat is het criterium voor opname? En waarom geen plekje voor de grote Friestalige dichter Pier Boorsma?

Met vriendelijke groet en bij voorbaat dank: Cornelis van der Wal

Comments 3