Oer in pear dagen slút de ynstjoeringstermyn foar de Religieuze Jorritsmapriis. Ik haw in ferhaal klear, in hiel goed ferhaal, dat seit himsels. Ik haw noch folle mear goede ferhalen klear. En ik stie yn bestân oft ik no wol as net ynstjoere soe. Dat moat dochs mar net. Earst moat Klaske Jaspers út de sjuery. Dêr haw ik alhiel gjin betrouwen yn.
Ik mei net oer dy kultuerparasiten, mar dat haw ik al earder skreaun. Man, wat wie ik doe lulk. No net mear sasear, mar it past my net om myn skriuwsels oan dit frommeske foar te lizzen.
Ik sil jûn ris sjen oft der noch wat iten yn de friezer leit.
Comments 2