Cornelis van der Wal

Droege Aap yn in bakje

Juster wie Bart FM Droog foar OOG-radio, it stasjon út de stêd Grins. Fansels gie it oer dizze kwestje: wêrom gjin Pier Boorsma op de nije side oer dichters yn de stêd Grins? De namme fan jo trouwe tsjinstfeint en dy fan Pier B. wurde ek efkes neamd. Dus. Hjir te beharkjen.

Fierders hearde ik fan in korrespondint dat Aapke de V. geunstich oer ensafh skreaun hie, yn it Deiblêd. Dat ik gie daliks nei de Snitser Byb, om it lêzen. De wûnderen binne de wrâld dochs noch net út, sa tocht ik ûnderweis, kuierjend troch it mizerige waar.
En, yndied, it wûnder wie dochs wierheid wurden. Ik sitearje:

‘Der wie, nee. sorry, der is noch ien folslein Frysk-literêr tydskrift op papier: ensafh Jo fiele it wol oankommen. De minister koartet it Letterenfonds, dat koartet ensafh. De provinsje wol net ien op ien byspringe. Dat, exit ensafh?
Sa wurdt dúdlik dat de provinsje twa gesichten hat: de mûle fol fan taalbelied, mar yn ‘e pratyk komt der mar in benaud lyts bytsje fan op ‘e hispel. … Ik woe posityf ôfslute. Mei in goed wurdsje foar ensafh. It sil dochs net dat de redaksje aansens mei de pet yn ‘e hân by de Poiesz en de Gall & Gall biddelje moat om de Fryske literatuer te sponserjen? …’

 

Treflik skreaun Aapke! It hat der alle skyn fan dat ús Aapke spyt krigen hat fan syn eardere ensafh-bashen, en dat dit stik yn feite yn soarte fan aapology is.

Waarmje bakje iten op.


Posted

yn

troch

Reakce

3 antwurden op “Droege Aap yn in bakje”

  1. Grutte Pier Avatar

    Nets as aapodictisch, no.

  2. Knilles Avatar
    Knilles

    Mar diskear net Sjieuwe!

  3. sjieuwe borger Avatar
    sjieuwe borger

    Hallo Cor,

    Neffens my wurdt apology mei ien a skreaun.

    Groetnis, Sjieuwe

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.