Cornelis van der Wal

Opklearre kat + updeet

Heden, ik wurd neamd yn de redaksjonele kollum yn de nije Moanne. En de kat ek. Nee, alwer gjin besprekken yn dit blêd, dat oars grif yn te nimmen is, mar dy fan ferline kear fûn ik better, mei û.o. in treflik stik fan Piter Yedema oer Hölderlin.

Ik wie hjoed efkes yn de Haadstêd L. en ek dêr waard ynformearre nei de sûnens fan Pytsje. Dy is poerbêst minsken!

Eh… ik mei wol sizze dat de loft tusken my en Tresoar, as ynstitút, opklearre is. Letter mear oer hoe’t soks yn de praktyk útwurkje sil.

Bin tige hurd oan it wurk mei sawol proaza (oerdeis) en poëzij (yn de neare nacht)

Bakje iten fan de AH, ôfpriisd.

UPDEET: dat Moanne-stikje stiet hjir online


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Opklearre kat + updeet”

  1. Grutte Pier Avatar

    Dit wie de moanne fan de kat, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.