Ast dyn Nederlannerskip slûpe litst ferliest op itselde stuit alle opboude rjochten – in steatenleas persoan dobberet as in plestykeintsje op de oseaan, en kin neffens my net iens mear in rjochtsaak oanspanne oer it feit dat syn terjochte winsk wegere is. Wurkbeurzen en oare fersjennings foar in boarger kinst ferjitte. It Frysk is wol in mis wurdich, mar oft dizze opera doel hat is de fraach.
De boargemaster fan Dongeradiel hat Willem tasprutsen, en útlein hoe’t it feitlik sit, en dat it noch net mooglik is.
Ha goeie, sjoch ek de Ljouwerter krante: http://www.lc.nl/friesland/regio/article14884563.ece/Nog-twee-verzoeken-Friese-nationaliteit?utm_source=twitterfeed&utm_medium=twitter
As jurist tink ik der alsa oer: wêr is no dy amtner by wa’t Willem ôfstân dien hat? Of binne it de minsken om de tafel?
Hat Willem útlis krige fan de gemeent oer hoe’t it juridysk wurket?
Ik jûchhei it idealisme fan Willem ta en hoopje dat men skielk de nasjonaliteit ynruilje kin, sjoen’t is no net mooglik wat er wol.
Tiid foar in bom, no.