Sa’t jim tink wol witte, haw ik in frijwat problematyske ferhâlding mei it Skriuwersboun. Dit Boun soe opkomme moatte foar Frysktalige skriuwers. Mar dat dogge se net. Lês myn kollum der mar ris op nei. Se witte dêr fan neat, en se dogge neat. No ja, wat boarterij yn de marzje.
Dat de Fryske literêre tydskriften driigje te ferdwinen is dêre noch net bekend.
Der sitte ek goeien yn it bestjoer, mar mei sa’n foarsitter wurdt it neat.
No sa. En mar lekker koese.
Ik waarmje jûn de brot fan juster op.
Bêste frou Schotanus, ik sjoch wol, jo komme noch altyd op foar it Boun, ek al sitte jo net mear yn it bestjoer, dat stiet jo te priizgjen. Letterebelied kin men beflappe ûnder taalbefoardering, yndied. Ik wiis nei it Boun, om’t it de belangen fan de Fryske skriuwers behertigje moatte soe. Mar dêr komt neat fan op ‘e hispel. Ynstee dêrfan hearre jo allinnich mar lekskoaiend gejeuzel fan de foarsitter, dy’t him fan gjin kwea bewust is. Der wurdt wol deeglik wurke oan fierdere aksjes, mar ik soe sa graach sjen dat it Boun no ris tajout dat it flaters… Read more »
– It soe net (allinne) om taalbefoardering gean moatte, it is ek letterenbelied. – Wat let jim om in tal belutsenen om tafel te noegjen, de sitewaasje te bepraten en yn ’e mande mei elkoar aksje te ûndernimmen? It Boun, de Moanne, immen fan Tresoar. Dy ôfspraak kin by wize fan sprekken hjoed noch plend wurde. – It Boun hat gjin inkelde formele macht, men kin it oankaarte, mar it is de polityk dy’t beslist. – En dan kinne, los fan it Boun ek noch prikken yn it wurk set wurde. Hoe sit it mei de macht fan de pinne?… Read more »
Ekskús foar it lette pleatsen fan dyn reaksje Elske!
It giet net allinnich om ensafh, by the way, ek de Moanne wurdt komt yn de problemen. Omreden fan taalbefoardering soe de Provinsje yn it gat springe moatte dat it Letterenfonds no efterlit. Dat, wy hawwe alle stipe nedich om soks oan de provinsjale polityk dúdlik te meitsjen.
En yndied, dit wie al in jier lyn bekend. Mar blykber net by it Boun.
Is dat net wat flau? Juny foarich jier wie al bekend dat Halbe Z de kraan tichtdraaie soe. Leden en oaren kinne toch ek kontakt opnimme mei it bestjoer fan it Boun om in punt ûnder de oandacht te bringen, de saak te bepraten en, al hat it Boun gjin inkelde formele macht, te besjen oft, as it fuortbestean fan Ensafh faai stiet, dêr wat op te op betinken is. Miskien hat it bestjoer ‘sliept’ (ik kin dat net beoardiele), mar bestjoere is a) minskewurk en b) it is gjin ienrjochtingsferkear. In bestjoer moat ek fuorre wurde troch har achterban.
Ho Koos, in reaksje ôfwachtsje fan Ensafh giet foarby oan wat ik dy maild haw: (…)”Mar net om it ien of oar; ik snap Cor wol dat hy wat nitelet want fan it Skriuwersboun hie ik persoanlik ek al wat mear TAM TAM ferwachte. Net fuortdaliks foar Ensafh, mar yn ’t algemien hie der neffens my yn dit ramt allang in stevich lûd fan it Boun komme moatten. En in flagge op in barrikade!”(…) It boun moat net op Ensafh wachtsje. It boun moat oant it wurk. Ensafh wachtet net op it Boun, dat hat al bliken dien, al wie… Read more »
Sa’t ik al skreau wie dit in persoanlik ynisjatyf om it Boun ris wekker te skodzjen.
It docht no bliken dat it noch folle slimmer is: it bestjoer fen it BOUN leit yn in djippe koma.
Ik bin wol benijd oft de redaksje fan ensafh / it bestjoer fan Hispel in berop op it Boun dien ha.
Ja, sko de ferantwurdlikheid mar wer ôf, Koos!
Prachtich dat jim ús advys sels ris wat te dwaan oppikt hawwe. In soad súkses mar wer. Enne… skriuw mar in moai gedicht foar de kalinder!
No, sjoch ris oan, De Foarsitter is wekker! Mar hy hat al de sliep noch wat yn ‘e eagen. It sit sa: ik haw okkerlêsten op eigen titel in mail oan it Boun skreaun: ‘Bêste minsken, ik sitearje Abe de Vries, yn it Deiblêd fan 25-04-2012: ‘der is noch ien folslein Frysk-literêr tydskrift op papier:ensafh Jo fiele it wol oankommen. De minister koartet it Letterenfonds, dat koartet ensafh. De provinsje wol net ien op ien byspringe. Dat, exit ensafh? Sa wurdt dúdlik dat de provinsje twa gesichten hat: de mûle fol fan taalbelied, mar yn ‘e pratyk komt der mar… Read more »
Bêste Knilles,
It Boun hat op jim fraach om help in pear konkrete fragen by Ensafh dellein. Dat is al even lyn, wy wachtsje noch altyd fol spanning op in reaksje. Mar as it tefolle muoite is…
Do moatst us foarsitter net steure yn syn wurk dat er foar us docht yn de koperaasje KH2018 – hy hat my sein dat er syn ein nea slûpe lit.
Hy is fan itselde kaliber as us literare befoarderer. Se nimme ferantwurdlikheden, dêr soest tankber foar wêze kinne ynstee dat lekskoeien en lêbjen.