In wier lêsfestijn

No, ik haw de nije Moanne noch net yn de bus krige, mar de ynhâldsopjefte is al beskikber… It belooft wer in wier lêsfestijn te wurden. Neu, gjin besprekken fan literêr wurk wol’k leauwe, of it moat it artikel fan Jaap Krol wêze.

Wêr’t ik wier nei útsjoch is it stik fan Elske Schotanus mei de titel: ‘Nederlands staatsburger Nationaliteit: Kaninefaat’ Wat is dy Elske dochs in grapmakker net? Allinnich dy titel al! Jo komme net mear by.

Lit my riede, de lju dy’t tenei as Fries neamd wurde wolle yn it paspoart binne yn har eagen heale faksisten, sa brún as it mar kin. Se binne sa foarsisber, dy Eeltsje en Elske.

Mar faaks falt it ta, wy wachtsje ôf.

Ik haw in bakje makaroany opwaarme.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
9 years ago

‘Frysk staatsburger Nasjonaliteit: Kanonnefleis.’

Dat wie better west, no.