Jousma pasta

In jiermannich lyn hie ik it boek ek alris lêzen, mar no wer efkes liend fan de byb: Douwe Kalma yn piama. Sjoch, dat is no ris in moaie titel. Skriuwer is Doeke Sijens, dêr’t Coen Peppelenbos fan bewearde dat er ôfskie naam hie fan de Fryske literatuer, mar Doeke sels hat dat tsjinsprutsen, yn in petear mei Knilles op it Boekefeest ferline jier.

Hiel moai boekje oars, ek in soarte fan rehabilitaasje fan Douwe Kalma. Nijsgjirrich is fierders it artikel oer Anne Jousma, dy die ek oan astrology, krektlyk as jo favorite blogger, dichter ensafh. Vestdijk, Pessoa en neam mar op wurken ek mei dizze Kening fan de Wittenskipppen. En nee, ik haw gjin behoefte oan jo skeptyske praatsjes.
Hjir stiet in aardich fraachpetear mei Jousma yn de Ljouwerter. Jo sjogge wol, it is gjin nêstbesmodzer lykas E.S. en E.H.

Aansens wer wat makaroany

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

4 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
sjieuwe borger
sjieuwe borger
9 years ago

jousma hat fansels folslein gelyk as er yn it frysk leaut as folsleine kultoertaal.

André
9 years ago

Anne Jousma… moai, wér in ten ûnrjochte fergetten âldere Fryske skriuwer, en wér in namme derby om op souders en fliemerken nei om te strunen.

Witst wa’t him ék ynteressearre foar de astrology? De 17e-ieuske gelearde dichter Pierius Winsemius. ‘k Moast oars skylk mar ris wat oersette út syn bondel ‘Sirius’ út 1638.