Formidabel bakje

It is oars tige rêstich om Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018 hinne! Wat stêkt dêr efter? Ik fertrou it net. Ris sjen, hawwe se no dat basis bidboek einlings ris yn it Frysk oersetten? En wêrom sitte de och sa kulturele mantsjes en wyfkes eins net op Facebook? Of is dat te dreech, technysk sjoen?

Fragen! Wat it earste oanbelanget…  Nee hear, it is noch allegear Hollânsk wat de klok slacht op dy side. No ja, jo fine dêr al in soarte fan marzjinaal geveltsjefrysk. En Baas Abe fynt it allegear wol bêst, dy kriget syn sinten sa ek wol. En mar gûle en eamelje dat KH18 de lêste kâns is foar it Frysk. Mar as it der yn de praktyk op oankomt is der hielendal net fan in positive hâlding foar it Frysk oer te fernimmen. Doch dêr wat oan, dan stypje ik de Saak ek! Dan krije jim in *kuch* formidabele meistanner! Smyt dy Hollanners der út!

Sa, aansens gjin bamy, mar wer in ôfpriis bakje fan de AH

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
9 years ago

It wurdt wer tiid foar in bom, no.