jûtjûb filmkes

Ha, dochs mar de nije WordPress ynstallearre. Bin altyd wat benaud dat de boel stikken giet… Of slimmer noch, dat it Frysk ferfongen wurdt troch Ingels, of noch slimmer: Hollânsk! It falt ta wol’k leauwe.

Haw juster by de Kyksjop in moai mediaspylderke op it kopke tikt. Foar 60 Eury. It is dizze. Hjir kinst ek jûtjûb filmkes mei sjen. Dus. Myn âlde spyldert koe lang net alle formaten oan, en dan sitte je wer oeren te konvertearjen. Bah.

As jim my in dei of wat misse: ik bin op it stuit ek aardich warber op Twitter, dat net ûngerêst wurde. It giet boppestebêst mei Knilles. Ik bin allinnich net sa lulk op dit stuit. Skande foar de Fryske Literauer fansels, mar it komt wol wer.

Sil jûn wat bamy opwaarmje.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments