Stânfriezen skriuwe Hollânsk

Ik wit net wat dat is mei it kulturele tydskrift de Moanne. Nee, ik haw him noch net yn ‘e bus, wol’k leauwe, mar der steane al wat digitale foarpriuwkes op it net. Wat is der te rêden? Wêr’t it my om giet it is de sawat panyske eangst fan de redaksje fan dit kulturele blêd om ek mar it bestean fan Literêre tydskrift ensafh te erkennen. Lês no ris it artikel fan Djipfries Kerst Huisman, dy’t him troch de redaksje twinge lit om yn it Hollânsk te skriuwen. Jawis: in Stânfries fan komsa, ús Kerst! It artikel jout in reaksje op it mislike stik fan Elske Schotanus. Dat der ek in reaksje op ensafh stien hat, dêr linkt de Moanne fansels net efkes nei. It hat der in soad fan wei dat de redaksje fan it Kulturele Tydskrift spoekbenaud is foar it Literêre Tydskrift.

Wêrom?

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

5 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
10 years ago

Ik haw it oerset, mar no begrip ik boadskip net mear. Lost in translation, no.

sjieuwe borger
sjieuwe borger
10 years ago

ja, kerst is al in stânfries en ik kin it witte, want hy komt altemets by ús heit en mem oer de flier, hy is famylje no. en sil ik dy sizze wat ik tink, hy hat it yn it hollânsk skreaun, om’t it oars faaks te driigjend oerkomt, witst. set it mar ris oer: dan hearst eeltsje boates.

wat fûnst fan dit proazafers?

Grutte Pier
10 years ago

Blinder, jo binne geef yn it kwadraat, no.

Marcel Plaatsman
10 years ago

It is wol nijsgjirrich dat er Fryske grammatika in syn Hollanske sinnen brûkt: “Hoe iemand het in zijn hoofd kan halen (…), kan ik niet bij met mijn verstand.” Geef Nederlansk is “…daar kan ik niet bij met mijn verstand”.

Grutte Pier
10 years ago

Wêrom net De Moanne ensafh? Ien grutte is better dan twa lytse, no.

5
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x