Dichters in de Prinsentuin

Jawis, jo eigen Knilles wie ôfrûne freed wer op de ôfslutende dei fan Dichters in de Prinsentuin. No haw ik dy hiele tún net sjoen, ik wie oanwêzich by de foardrachten en benammen by de neisit yn café de Souffleur, neist de Stadsschouwburg fan Grins.

Wer dik ynoarder dy foardrachten, al fûn ik Theatergroep Flint op it lêst wat ientoanich en flau  wurden, Der wie ek in ensafh-meiwurker oan it wurd! Melle Hylkema, en dan hawwe wy ek daliks in hiele goede dichter te pakken. Mar se wiene allegear goed, en dat komt net allinnich omdat ik tige myld bin, op it stuit. En dat de freeslike Coen Peppelenbos dêr ek omrûn, ach…

Letter noch efkes mei Pieter Boskma praat, en frege oft er noch wol Liwadders prate koe. Jaseker, sei er, dat wadde de taal fan mien jeugd!

En bier bier bier bier bier ensafh.

Haw jûn swarma mei rys en raukost iten.

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
10 years ago

Dy Pamperbos is altyt wat ynkontinent, no.

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x