Dochs noch wat dichtwurk

Nee, jim binne noch net fan Knilles ôf! Bin it hûs oan it reorginasearjen, en dat giet net fan ien twa trije. Mar as ik efkes freegje mei: wêrom klikke jim dat prachtige lietsje net oan, dat ik earjuster hjir publisearre? Jim witte net wat jim misse. Barbaren!

Heden, der komt dus dochs noch wat dichtwurk út dit jier. Sjoch dit berjocht, dat de altyd warbere ensafh-webmaster foar jo opheind hat. En dan ek noch in nijtsje, dat ik hearde fan de dichter sels: Tsead Bruinja bringt fan it hjerst wer in Fryske bondel út, by de Afûk. Hy neamde de titel leau’k ek, mar dy is my ûntsketten.

Haw patat pinda iten op de Snitser merke, dy’t aldergeloks moarn wer fuort is.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments