Hmm, dy side fan de Moanne fan it Fryske Boek is… No ja, wat sil ik sizze… net al te geweldich wat stilearring en oersichtlikens oanbelanget. Mar wa bin ik? Dit jier doch ik sels mei oan de Moanne, dat ja… Dan moatte jo wat myld bliuwe, is’t net?
Yn elts gefal: de #twichtwedstryd is ek wer los. Ik sil sels ek wat ynstjoere. Ferline jier waard it him net, myn teksten wiene tink wat te dreech foar de sjuery, dy’t nammers net bekend stie om har poëtysk ynsjoch. Wa binne de karmasters dit jier? Keine Ahnung! It waard blykber net nedich achte om de dielnimmers fan dizze ynformaasje te foarsjen. Ik kin it alteast net fine… Mar ik haw ek hiele tûke lêzerkes! Dat: gean jo gong!
Sil jûn tink sels wer ris wat iten klermeitsje, mar wat it wurde sil….
Updeet! Sjuerylid Jetske Bilker meldet op Twitter: It stiet no allegearre op de Twichtsite. Sjoerd IJbema en Asing Walthaus binne de oare twa sjueryleden fan de #Twichtstriid
Dit wurdt in hit!
Ik wurd net echt bliid
dat gestin oer it iten kostet mei hiel wat peuken
It is eltse dei wer in striid
No, dan mar bamy út eigen keuken
#twicht #kuch 😉