Cornelis van der Wal

Prioriteit: Proaza

Jawis, ik haw it der al earder oer hân, mar no lies ik (tafallich, want der sit gjin feed op) op de side fan Sirkwy in stikje fan de hear Teake O. Wat al dúdlik wie wurdt nochris ûnder wurden brocht: poëzij fine se mar neat dêre:

Prioriteiten
Omdat de hoefeelheid Fryske boeken te grut is om se yn koarte tiid allegear op te nimmen op Sirkwy, wurkje de meiwurkers fan Tresoar earst oan de folgjende punten:
1. De prioriteit leit by orizjineel Frysk fiksjoneel proaza foar lêzers fan 12 jier en âlder.
2. Wy wolle earst alle wurk opnimme fan no ôf oant en mei 2000 en dêr safolle as mooglik resinsjes oan fêstheakje.
3. Dêr komme by titels dy’t neffens ynformaasje fan dosinten út it middelber ûnderwiis gaadlik binne foar har learlingen.
4. By gelegenheid komme ek oare sjenres oan bod…

Poëzij is blykber te dreech foar It Fryske Folts, tinke se by Sirkwy. En foaral ek gjin skoalbern mei soks lêstichfalle!

Ik bliuw it in skandalige saak finen.  De dichtkeunst wurdt as in minderweardige foarm fan literatuer sjoen en behannele. Jo meie sûnder oerdriuwing wol stelle dat Sirkwy/Tresoar de Fryske dichters links lizze lit, ja: diskriminearret. No sa.

Wierskynlik bakje iten jûn.


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

3 antwurden op “Prioriteit: Proaza”

  1. Grutte Pier Avatar

    Calimero yn’e bocht, no.

  2. Knilles Avatar
    Knilles

    Ik freegje my wolris ôf: wa betinkt soks? Wie der in kommisje fan *kuch* wize wyfkes en mantsjes? Dy’t sels neat mei poëzij (en oersettingen) hawwe, en dan mar hiele sjenres oan kant reagje?

  3. anne popkema Avatar

    ik bin it op dit stik mei dy iens, cornelis. It is boppedat flokken yn ‘e tsjerke, fenim ik hieltyd wer, om út en troch ris te wizen op it belang fan knap oerset wurk. dochs seit my dat dat sjerne it sines der gâns ta dwaan kin om úntlêzing ûnder 12-18-jierigen op te kearen. ast wat oars as oarspronklik Frysk proaza skriuwst, bist de lul.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.