Cornelis van der Wal

Boeken fan Bamy

Ha goeie!

Ik hie, as oprjocht kwerulant en winner fan de Gouden Lykdoarn foar de meast paranoïde Skriuwer efkes by Boeken fan Fryslân ynformearre hoe’t it kaam dat der gjin titels fan Knilles fia harren side te keap wiene.

It wûnder barde:  ik krige antwurd. En om’t it hjir om in algemiene kwestje giet, woe ik myn kollega belestingbetellers de reaksje net ûnthâlde. Albertus Douwes skriuwt (yn it Hollânsk fansels, want it is ommers Boeken fan Fryslân)

Geachte heer van der Wal,

 Vooreerst excuses dat u geen reactie heeft gehad op u vorige bericht.

Bij de initiële opbouw van de website van ‘Boeken fan Fryslân’ is deze gevuld met materiaal dat door de deelnemende uitgevers is aangeleverd.

In deze fase was dat een (beperkte) greep uit het (nieuwe) aanbod.Het hoofddoel van de website is ondersteuning van de vrijwilligers in de verkoop van boeken.

Dit deel vraagt nog verdere ontwikkeling.

De online verkoop van boeken via de website is min of meer een subactiviteit.

In de praktijk blijkt dat de route via AFUK en de uitgevers, de koper voldoende mogelijkheden biedt.   

Daarom is dit voorjaar is besloten de website voor de online verkoop af te sluiten.

Door een misverstand is dit begin vorige week opnieuw geactiveerd.

We gaan dit deel opnieuw afsluiten.

Ik ga er vanuit dat uw boeken via het online aanbod van uw uitgever en AFUK voldoende onder de aandacht worden gebracht.

Oant safier. No witte jim ek hoe’t it komt dat de side it wer net docht. Myn skuld!

Bamy mei pindasaus

 


Posted

yn

troch

Reakce

4 antwurden op “Boeken fan Bamy”

  1. Daam Avatar
    Daam

    Op myn bloch:

    Ja, de temperatueren binne wer wat gewoaner en better foar de minske. Mids ferline wike oars ek al mar doe wie der ynienen wat oars dat foar minsken lykas my net goed is. It giet om dit ûnnoazel epistel. Der hat ek noch in wat beheinde diskusje oer west op Feestboek mar dat is eins it neamen net wurdich.

    Fierder bliuwt it stil yn Fryslân. Dat is de Friezen min kwea-ôf te nimmen want dy kinne net witte fan it hoe en wat. Sels politisy ha gjin aan fan wat der mei it jild bart. Partisipanten yn de klup Boeken fan Fryslân? Ik betwifelje it.

    Pieter de Groot wit altyd mear as in oar. Hoe’t dy man oan dy kennnis komt is my in riedsel mar der is leau ik gjin reden oan te nimmen dat er der mar wat hinne skriuwt. Sadwaande liet er ús in wykmannich lyn witte dat de Afûk no eins Boeken fan Fryslân is. Of sokssawat.

    Yn dat ramt moatte wy it ûnnoazele andert fan Boeken fan Fryslân dan sa’t it liket ek sjen. Foarst is it yn it Nederlânsk. Neat op it Nederlânsk tsjin mar yn dit ramt is it wat ûngelokkich. Unbeskoft is mooglik in better wurd.

    Grammatikaal stekt it net hiel goed ynelkoar. Fan it nivo ‘moet ik nu verdorie ook nog een mailtje schrijven? tik, tik, tik’.

    Ynhâldlik doocht it foar gjin kwartsje. Der wurdt praat oer ‘dit deel opnieuw afsluiten’. Lulkoek, de hiele webside is poater.

    De fraach is fansels hoe’t soks allegearre sa barre kin. Lês myn senario (dat ik net by de oanbelangjenden tsjekt ha) en huverje.

    Knilles hat okkerlêsten BfF maild. Dy mail kaam by de Afûk. Gjin andert. Knilles hâldt it spul yn de gaten en bespeurt op in beskaat stuit dat de side wer online is. Knilles mailt wer.

    De Afûk yn ûnstjoer. Wol fan it gemiter ôf. Want o, o, o, Knilles koe it ris yn de publisiteit bringe. De Afûk wol útsoarte – útsoarte – fan gjin ferantwurdlikens witte en jout de Bibliotheek Service Fryslân opdracht te antwurdzjen om’t dy de hosting fan de side fersoarget. En – sa lit de Afûk oan de man dêre witte – ‘maak er maar wat van’.

    Want de Afûk wol de hannen frij hawwe. Sa’t Pieter de Groot al tusken de rigels troch skreaf.

    Sa is it tink ik sawat gien. Mar dat meie de Fryske polityk en harren boargers net witte. Want der spaant noch earne 190.000 euro om. En wêr’t dy bleaun binne kin noch gjin ferantwurding oer ôflein wurde.

    Of it moat wêze dat se brûkt binne foar de oanlevering fan it banale oersjoch fan boekhannels troch de Afûk op de side De Moanne fan it Fryske Boek. Oars ek al ien dy’t optilt fan de flaters dy’t troch nimmen opmurken wurde.

    It liket my dan ek it bêste ta dat dizze jildfergriemerij mei gauwens út is. Mar dat sil wol net barre om’t politisy de domme kant neist binne. Dêr kinne jo op it stuit út de folop fan meigenietsje.

  2. Martsje Avatar
    Martsje

    Sa kin dy man it moai sizze, mar soe it net sa wêze dat se net in krom ferstân ha fan it meitsjen en ûnderhâlden fan in knappe webside en dêrom tinke; oeh, wy krije kommentaar, wy litte it mar ôfstjerre?
    Liket my in earliker antwurd.
    Mar goed, de digitale fase ôfslute en de analoge kroade mar wer út it hok. Moatte de leafhawwers it dochs wer sels oplosse…

  3. sjieuwe borger Avatar
    sjieuwe borger

    ha goeie cor,

    it is fansels wol apart datst hjir no efter komme moatst troch oan te hâlden as storein. ik bin bliid datst dit dien hast, want wat docht bliken: kommunikaasje oer besluten wurdt net iepenbier makke en men taast yn it tsjuste oer hoe en het.

    groetnis, sjieuwe

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.