Oerrinne nei Facebook

Heden, heden! Alwer in Fryske blogger ferdwûn, oerrûn nei de Facebook-omjouwing. It is ús Abe! Dat wie fansels in grutte skok foar myn persoantsje. Jawis, ik sit sels ek op Facebook, mar dan mear om myn eigen blochkes oan te kundigjen, en ek wol foar de tsjet. En… om bepaalde diskusjes folgje te kinnen.

It feit dat Facebook net iepenbier tagonklik is, liket my net foar dit poadium te pleitsjen. En, trouwens, wat is der wurden fan it oare projekt fan Abe, de Nachtrider? Eh… Neat…

Mar lit ik hjir fierder mar oer swije, it is al tragysk genôch.

Bakte rjappels mei Schnitzel en slaad.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *