Yn de frituer

Ik bin noch mar krekt wer lid wurden fen it Boun, mar myn ynfloed is al sichtber. Ik haw it oer it brief fen it Boun oan de Provinsje, nei oanlieding fan de Kultuernota. Dat brief is to the point, en ek net sa agressyf fan toan as wol west hat. Dêr berikke jo ommers oars neat mei as it tsjinoerstelde fan wat jo wolle.

Yn dy hiele kultuernota komt it wurd ‘útjouwer’ net ien kear foar. It hat der alle skyn fan dat se by de Provinsje alhiel gjin weet hawwe fan de situaasje dêr’t de Fryske literatuer yn bedarre is. En dat wylst de delgeande spiraal troch it Provinsjaal bestjoer sels yn gong setten is, troch it besunigjen op it ‘literatuerpotsje’. Dat hie oars ek noch wol efkes neamd wurde kinnen yn dat brief.

En dan dy beurzen foar debutanten. 10.000 Eury foar in berneboek. Yndied, in goed idee yn earste ynstânsje, mar soargje no earst mar ris dat der noch Fryske boeken útjûn wurde kinne. En dan bedoel ik net in POD of E-boek. Mar in echt boek.

Op Facebook is der ek al it ien en oar oer sein. Jo wurde tsjintwurdich sawat twongen om dêr in account oan te meitsjen, wylst sa’n diskusje fansels likegoed op in bloch of sa fierd wurde kin.

Ik soe sizze: smyt it mar yn de frituer!

Jûn waarm iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
9 years ago

In protte wurden, no.