Waansin slacht ta by Provinsjaal bestjoer + Updeet!

Fannemoarn – ik lei noch yn ‘e sliepsek op myn fjildbedsje op ‘e houtene flier fan myn sliepkeamer, anneks dicht- en mediahokje – doe’t ik ris op myn snoadfoan seach, op Facebook om krekt te wêzen. Ik nim in tekst oer fan de winner fan de Obe Postmapriis Anne Tjerk Popkema: ‘Sa’t ik it begrepen ha, wurde alle provinsjale literatuerprizen (de Obe, de Fedde en de Gysbert) gearraand ta ien nije – Gysbert 2.0.’

Myn earste reaksje wie: de waansin slacht ta by de Provinsje!

Dus, by de Provinsje sille se tocht hawwe, nei it wanbelied om de Fedde en Obe hinne fan ferline jier: wat is dat ek ferfelend en lêstich, TRIJE prizen! Dat moat makliker kinne, wy meitsje der IEN nije priis fan. En dat prizejild, dat hawwe wy der samar út, om’t fansels op de kosten (útrikking, kommisjes ensfh.) besparre wurdt sa. Sjoch hjir, hjir, hjir en hjir

Dat der hast gjin Frysktalige boeken mear útkomme, troch earder wanbelied, wurdt gjin rekken mei hâlden.

Jo soene hast wer in staking útroppe. Dochs efkes ôfwachtsje wat de krekte plannen binne. Ik bin der, as âld Fedde Schurer winner net al te bliid mei, dat hiene jo al troch.

Waarm iten jûn, meie wy oannime.

UPDEET: Sjoch ris oan, by de Provinsje dogge se dochs wolris wat wurk dat der ta docht: it lêzen fan dizze side.

 

 

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *