Cornelis van der Wal

Idioaten

Wij worden omringd door idioten.’ Ik hoopje dat de hear drs. Loek Hermens it my ferjaan wol, dat ik syn beruchte útspraak ek ris brûk, fansels yn in oare kontekst.

Sa’t elkenien wit binne de grutste idioaten  de minsken mei macht. Yn Fryslân hawwe de ambtners de macht, net de deputearren, lit stean de K fan de K. It binne de ambtners dy’t dy plannen omtrint de Fryske kultuer betocht hawwe. De deputearren folgje de ambtners, se witte sels hielendal fan neat.

Ik wol der dit noch fan sizze: it prizejild fan de Gysbert giet omheech fan 5000 € nei 10000 €. Noch altyd in tige skiterich bedrach, in bedrach om jin foar te skamjen. Dizze ferheging wurdt frijwol folslein kompensearre troch it ôfskaffen fan de Fedde en de Obe.

Dy ferdûbeling fan de Gysbert siet al jierren lang yn it fet, wie ús al jierren lyn tasein, dat dizze nije nota komt gewoan del op besunigjen op it prizejild foar Fryske literatuer.

No sneon komt de ferantwurdlike deputearre, frou Jannewietske de Vries, nei alle gedachte by de priisútrikking fan de Rely te Bears. Faaks wolle jo frou De Vries ris oansprekke op dizze wanfertoaning.

Wêr bliuwt de FNP?

Ik sil Bamy ite. Amen


Posted

yn

troch

Reakce

12 antwurden op “Idioaten”

  1. Knilles Avatar
    Knilles

    Sjoch foar in treflik ferhaal oer de prizen André Looijenga: http://deibloch.wordpress.com/2012/10/03/red-de-obe-en-de-fedde/

  2. Knilles Avatar
    Knilles

    Ynoarder Josse, dyn stânpunt is dúdlik. Faaks kinst dy yntinke dat kwalifikaasjes as ‘gejank’ gjin positive ynfloed op de diskusje hawwe, en bepaalde reaksjes oproppe.

    Der is nammers genôch jild, mar de Provinsje stekt it leaver yn sneldiken en stjonkfabriken. Dat rymt.

  3. Grutte Pier Avatar

    Is der ek in Fryske skriuwer sûnder priis in de seal? Dy fertsjinnet dan no in priis, no.

  4. Knilles Avatar
    Knilles

    Sybren Posthumus skriuwt op Twitter: ‘Wy sille it nije kultuer/ûnderwiis/taalbelied ynkoarten yn fraksje besprekke, dus ek prizen. Ynformearje ek de oare 9 fraksjes!’

  5. josse de haan Avatar
    josse de haan

    As ik it wurd ‘rudich’ brûk dan jou ik net ôf op de priis sels, mar bedoel ik dat it jild fan dy priis in oanfluiting is.
    Dat fûn ik ek oangeande de Gysbert Japicxpriis. Myn utstel is: ien priis, en dan € 50.000, yn gearwurking mei partikulieren.

  6. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Dy prizen wiene doe wichtich op it krekte eagenblik. No leit it wat oars, der is minder jild.
    Neffens my kinst dan better de literatuer as in geheel besjen – in oanmoedigings’priis’ yn de foarm fan in (beurs) sil mear fertuten dwaan.
    Ik sjoch no benammen nei wat rêden is yn dizze kjelderige tiden. Yn in tydskrift as ensfh of De Moanne kinne heel wat lju skriuwe. Ek dat kin in foarm fan oanmoediging wêze.

  7. Knilles Avatar
    Knilles

    It winnen fan dy priis wie foar my in grutte oanfitering om troch te gean, temear om’t de ‘Pommeranten’ my doedestiids (en noch) frijwat tsjinwurken.

    Heart De Haan no ek ta de konservative pommeranten? Wat sei Bredero ek al wer?

  8. Knilles Avatar
    Knilles

    Tige tank Josse, datsto ûnder oaren de Fedde Schurerpriis, dy’t ik yn 1993 krige, en dêr’t de Q yn dy tiid ek tige wiis mei wie in ‘rudich’ pryske neamst.
    In folwoeksen literatuer heart prizen foar ferskate sjenres te hawwen, it moat net op ien bulte smiten wurde.
    Mar Josse knibbelet tsjintwurdich foar de autoriteiten, wat sy sizze is ek foar Josse wet.
    Tige spitich.

  9. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Jannewytske is in skat,ja, wat oars. Mar jou no even oan yn dizze sitewaasje wat noch mear ôfbrutsen wurdt oangeande de literatuer as dy pear rudige pryskes.

  10. Knilles Avatar
    Knilles

    Bêste Josse, it is dúdlik: do hast fan Jannewietske de Gysbert oerlange krige, en sûnt kin se neat ferkeards mear dwaan yn dyn eagen. Nuver hear, datsto de ôfbraak fan de Fryske literatuer stipest!

  11. josse de haan Avatar
    josse de haan

    VVD, PVV en CDA koarten lannelik 200 miljoen op kultuer en keunst. Direkt en yndirekt ek op kultuer en keunst yn Fryslân, bgl op wurkbeurzen, literêre tiidskriften en teater. Us Halbe ferdigene soks!
    No besiket Fryslân – kultuerdeputearre Jannewytske de Vries – wat te rêden (û.o. De Moanne en ensfh, Belvedêre, Oeral, etc), en no janksto om in pear pryskes.
    Mijnheer, welke idioten omringen ons, en wat is der op tsjin no ris in ECHTE kwalifisearre literatuerbefoarderer te beneamen??????

  12. Grutte Pier Avatar

    Aanst kriget eltse Fryske skriuwer yn ien kear in priis. Dan binne we fan alles ôf, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.