Ah! Hy bestiet dus dochs noch: de Nijsbrief fan KH2018. Ik bin útnoege om stamppot te iten oare wike moandei. No hie ik juster krekt stamppot hân thús, mei woarst en útbakte spekjes en ik kin der noch wol trije kear fan ite.
Ik haw it yn it resinte ferline wolris hân oer de rol fan de Fryske taal by KH2018. Dy rol… dy is der net. Ja, in bytsje geveltsje Frysk, mar sa’n útnoeging is yn heal Hollânsk en heal Ingelsk skreaun.:
Feestlike presintaasje ynhâld bidbook mei Kulturele Stamppot
Op moandei 8 oktober is de ynhâdlike presintaasje fan it Bidbook. De ynhâld fan it bidbook sil presintearre wurde tidens de Kulturele Stamppot 2018. De Kulturele Stamppot bestiet út in mienskiplik miel mei in omlisting fan ferskillende kulturele eleminten. Graach noegje wy jo út op 8 oktober om 17:30 oere.
En dan dy útnoeging! Ik sitearje efkes wat: ‘biobased economy, ‘European Capital of Culture’, ‘massa heeft impact’. Ja, dat lêste klinkt in bytsje… No ja, lit mar.
Ik frege my oars al ôf by it sjen nei dit filmke wêr’t ús Abe bleaun is! Oan kant skood? Jo hearre de goede, bêste, brave man frijwol nea mear oer KH18. Oeps, ik leau dat de ôfkoarting no LWD2018 wêze moat! Ja, dat is ek sa, Fryslân is gjin stêd ommers. It liket derop dat Goffe Jensma de rezjy oernommen hat.
Ik waarmje jûn wer dy stamppot op, smakke treflik! Dêrfoar hoech ik de doar net út.
Post a Comment