Bestjoer Skriuwersboun moat opstappe + PS

Lit ik begjinne mei in ekskús: it hie it brief fan it Skriuwersboun oan de Provinsje net goed lêzen. Pieter de Groot (LC, Dwers fan hjoed) hie it àl goed lêzen, en benammen de passaazje: ‘Wy hawwe begryp foar it fuortsnijen fan in oantal literêre prizen en it fersterkjen fan de Gysbert’ foel him op. De Groot frege him ôf oft de leden wol achter dizze brief stiene. It mei dúdlik wêze, dit lid, ik dus, perfoarst net.

Yn de media is der in oanboazjend protest fan Fryske skriuwers en oersetters tsjin it skrassen fan de Obe en de Fedde. Mar it bestjoer fan it Skriuwersboun fynt it allegear prachtich!

Dit Bestjoer fertsjintwurdiget syn skriuwers net, en hat dat nea dien. Ik stjoer dit bloch ek as email nei it Boun. Ik stel de fertrouwenskwestje: moatte wy ferder mei dit bestjoer? Ik fyn fan net. It folsleine bestjoer fan it Skriuwersboun moat opstappe. No daliks.

Cornelis van der Wal

PS dit komt net yn de mail nei it Boun: sjoch it artikel yn it Deiblêd

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
edwin
edwin
9 years ago

Ik snap it wol. In fertsjinwurdiger fan in groep minsken kin net by elts skytwysjewasje alarm blaze. Dêrfoar is it prinsipe fan it mandaat ek betocht. Sa kin je dan belangen tsjinje of, as dy belangen yn gefaar komme, rêd reagearje. En ien kear yn ’t jier hâlde jo dan in ledegearkomste en wurdt der efkes oer stind. Sa wurd ik as lid fan it FNV ek net oer fan alles hifke. Lykwols krij ik elk jier wol in kear de fraach oer wat myn miening is oer in beskaat ûnderwerp. Dat giet dan net oer de nije ekologyske dakbedekking… Read more »

elmarkuiper
elmarkuiper
9 years ago

Mei de billen bleat no.