Cornelis van der Wal

Efterút buorkje mei Jannewietske

Deputearre De Vries hat juster yn de LC reagearre op it protest út de Fryske skriuwerswrâld fanwegen it samar, sûnder reden, ôfskaffen fan de Obe en de Fedde.

Se jout alwer gjin arguminten foar dizze ferearming fan de Fryske literauer. En, fansels, der binne ek alle oare, moaie plannen en der wurdt in hiel soad oan Tresoar oerlitten. Ik moat dêr mar wer ris sollisitearje, dan komt it grif goed.

Ien dinkje noch, leit it oan my dat ik de passaazje (sitaat frou De Vries) frijwat arrogant fyn?

,,Wy ha itselde doel
foar eagen as dy skriuwers: it stimu-
learjen fan de Fryske literatuer. Al-
linne: wy sykje nei nije wegen. Sa’t it
no giet, buorkje wy efterút.”

Ik fal dan benammen oer it wurdsje ‘dy’. Komt my denigrearjend oer… Wat tinke jo?

It is de deputearre blykber noch net bekend, ek al is it har eigen belied, dat útjouwers hast gjin Frysk boek mear útjaan kinne, fanwege it hieltyd krapper wurdende subsydzjepotsje. En dat efterút buorkjen: hoe is dat dan sa kommen? Net troch dat treflike belied fan de Provinsje wol? Eh nee, juh.

Jûn wer waarm iten.


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Ien reaksje op “Efterút buorkje mei Jannewietske”

  1. elmar Avatar
    elmar

    1. Dan moat in part fan it brûsjild mar brûkt wurde om de debutanten (at se der al binne!) fatsoenlik begelieding te jaan, om jonge skriuwers te stypjen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.