Brief oan it Boun

Bêst Boun:

nei oanlieding fan it ferslach fan jim gearkomste http://www.ensafh.nl/?p=27843 it folgjende. ‘Der sille nije minsken benadere wurde.’ As nije bestjoersleden dus. Soks fernuveret my al wat, it liket my better dat leden harsels kandidaat stelle, en dat der ferkiezingen komme, wat in nij bestjoer oanbelanget. It begryp ‘demokrasy’ is jim dochs net alhiel frjemd?
Oant no ta bin ik noch net ‘benadere’. Dat kin komme om’t ik my frijwat kritysk opsteld haw wat it ‘âlde’ bestjoer oanbelanget. Mar oan freontsjespolityk hat gjin mins ommers wat, no? Dat ik stel my hjirby kandidaat. Net allinnich as bestjoerslid, mar ek as ûntwerper fan in nije side foar it Boun, want Elske Schotanus liket my earlik sein net de oanwiisde persoan om hjir mei dwaande te wêzen.
Mei freonlike groetnis, en ik hoopje dat ik diskear al in reaksje krij, want dêr ûntbrekt it ek wolris oan.
0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
sjieuwe borger
sjieuwe borger
9 years ago

Hee Cor,

setst de reaksje fan it boun der net by?

Groetnis, Sjieuwe

Grutte Pier
9 years ago

Do skriuwst ek al ‘no’.
Dat is gruttepiertaal, no.