Fannemiddei, tusken it reguliere skriuwwurk troch, efkes yn de nijste Moanne omlêzen.
In bytsje al tefolle polityk, nei myn sin. Piter Jelles èn Domela wurde yn de skynwerpers setten. Net al te nijsgjirrich, dy mantsjes. De poëzij fan Troelstra seit my earlik sein hielendal neat. Mar dat sil ik wol net sizze meie.
En wêrom set Eeltsje Hettinga gedichten út it Hollânsk yn it Frysk oer? Waar hep dat nou foor nodig? Wy kinne allegear hiel goed dy oare Rykstaal lêze, tinkt my. Fergriemde tiid, fergriemde muoite. Set dan ris wat oer dat nèt ek yn it Hollânsk te lêzen is. Hoe faak moat ik it noch sizze!
In soer en arrogant besprek fan Ferdinand de Jong syn trije romans troch Sjoerd Bottema. De Jong moat noch hiel wat leare, sa skriuwt de auteur fan ûnlêsbere boeken.
En no ha’k myn nocht.
Aanst brune beanesop en spekpankoeken
Comments 1