Cornelis van der Wal

The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics

Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics:
Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta.

In pear minuten letter hie ik it boek al yn ‘e hûs, foar 30 Eury, as Kindle boek. En ja hear, Knilles stiet der ek by. Ik hear neffens Jelle by de dichters dy’t oer Fryske identiteit skriuwe. It sil sa wêze, mar it liket my oars net ien fan de wichtichste skaaimerken fan myn poëzij. Mar wa bin ik. Al lang bliid dat ik gjin absurdist neamd wurd.

De folgjende Fryske dichters wurde neamd en ik hoopje dat ik it goed oernommen haw:

Gysbert Japicx, Eeltsje Halbertsma, Harmen Sytstra, Waling Dykstra, T.G. van der Meulen, P.J. Troelstra, Simke Kloosterman, Rixt, Obe Postma, Douwe Kalma, R.P. Sybesma, D.H. Kiestra, Fedde Schurer, J.D. de Jong, Ype Poortinga, G.N. Visser, Douwe Tamminga, Anne Wadman, Jan Wybenga, Hessel Miedema, Steven de Jong, Jelle de Jong, Sjoerd Spanninga, Marten Sikkema, Freark Dam, Klaes Dykstra, Tiny Mulder, Tsjits Peanstra, Berber van der Geest, Baukje Wytsma, Eppie Dam, Margryt Poorstra, Ella Wassenaer, Tjitte Piebenga, Trinus Riemersma, Jan J. Bylsma, R.R. van der Leest, F.H. Sixma van Heemstra, Josse de Haan, Meindert Bylsma, Daniël Daan (Willem Abma), Sybe Krol, Piter Boersma, Jelle Kaspersma, J.Q. Smink, Tsjêbbe Hettinga, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema, Elmar Kuiper, Nyk de Vries, Tsead Bruinja, Arjan Hut, Harmen Wind, Wilco Berga, Jabik Veenbaas, Albertina Soepboer, Bartle Laverman, Cornelis van der Wal en Abe de Vries.

Wat fine jo derfan, misse jo ek noch in yn jo eagen wichtich dichter? Mar gau oan Jelle fertelle.

Dat rymt.

Bakje iten aansens.

 

Reakce

Ien reaksje op “The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics”

  1. Grutte Pier Avatar

    Cornelis van der Wal en Abe de Vries.
    Bien étonné de se trouver ensemble, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.