Antwurd fen it Boun

As antwurd op dit brief oan it Skriuwersboun krige ik dizze mail:

Ha minsken,

Moai sa, de earste kandidaat.
Ik tink wol dat Cor it folgjende witte moat:

Bêste Cor,

Moai datst dy no al kandidaat stelst, wy stelle it op priis. Lykwols, dyn opmerking oer in tekoart oan demokrasy slacht nearne op. Elk bestjoer hat op syn tiid oanfolling nedich. Om dy reden wurdt der altyd, en dat is by ús net oars, in oprop dien as de ledegearkomste him oantsjinnet. Dêrneist siket in bestjoer sels ek kandidaten, ek om’t in oprop fakentiids it measte net opsmyt.

As it safier is, sille wy dy dan ek, lykas eventuele oare kandidaten op de kieslist sette.

Freonlike groetnis,

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
sjieuwe borger
sjieuwe borger
9 years ago

Hallo Cor, Is dat wat foar dy? Kinst in bytsje rekkenje? Groetnis, Sjieuwe