Cornelis van der Wal

Tabé harré

Ja, jo hawwe gelyk, it blochke is der in bytsje by bleaun de lêste tyd. Dat hat ferskate oarsaken, dy’t jo benammen yn de persoanlike sfear sykje moatte. Mar dan posityf dus. Amoureus en sa. Dat lêste is ek de haadreden dat ik meikoarten (kin in skoftke duorje) út Snits weigean.

In oare reden is de wize wêrop’t it Gemeentebestjoer hjir minsken dy’t op in WWB-útkearing oanwiisd binne behannelet. Ik fyn dat mislik en beskamsum. In frou fan  yn ‘e sechtich mei reuma en ien om deselde leeftyd hinne, dy’t al ferskate operaasjes fw. kanker ûndergien hat: se moatte gewoan pûdsjes plakke en doaskes fouwe by de sosjale wurkpleats. Ik soe der yndied net mear oer skriuwe, mar it sit my ferdomde heech.

Dat, noch efkes, dan bin ik wer in Liwwadder. Jim wurde op ‘e hichte hâlden.

 


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Tabé harré”

  1. Grutte Pier Avatar

    Faaks wurdt it dan toch noch wat mei dy Kulturele Haadstêd. Mei Knilles Europa yn, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.