Wenje yn in helikopter

Ha moai, it liket der op dat ik in wenning haw yn Ljouwert, moandei falt it beslút, it sil grif trochgean. In hiel moai hokje. Yn it sintrum! Mei sicht op it wetter. Dat hiel goed ferglykber mei wat ik no haw hjir yn Snits, ik gean der seker net op achterút, kwa romte op foarút sels.

En dan kin it gau gean, oer in pear wike dan bin ik hjir wei.

Wy hâlde jo op ‘e hichte!

Dat Wurk Earst projekt is nammers per direkt stilsetten, sa hearde ik juster út betroubere boarne. Oft myn brief holpen hat wit ik net. Mar der binne in hiel soad klachten west, dat in ekskús fan boargemaster Hayo soe op priis steld wurde. Graach noch foar’t ik nei de *kuch* Kulturele Haadstêd ferfar.

Mei de traumahelikopter.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=ANCf0kkjlnc[/youtube]

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Van der Bundt
Van der Bundt
9 years ago

House warming party?

When and where?

Grutte Pier
9 years ago

Leslie Fiedler soe sizze: ‘Snits is a writer’s goldmine, no.’