Tiemersma goes PVV + Updeet

Heden ja, ik soe der hinne, mar troch alle drokte om myn ferhuzing hinne hie ik it hielendal fergetten: de Nijjiersgearsit fan it Skriuwersboun. Faaks ek mar better ek da’k der net by wie, want dy taspraak fan Koos Tiemersma, aldergeloks ôftredend as foarsitter fan it Boun,… Ik moat der fan spuie.

Fuort mei de subsydzjes seit Koos! Dêr komt it op del. En dat Letterfûns kin ek wol fuort. Noch rjochtser en kultuerfijanniger as Halbe, ús Koos.

It is in skandaal dat sa’n PVV-eftich mantsje foarsitter fan in Boun is dat de belangen fan Fryske Skriuwers behertigje moat.

Under Tiemersma syn lieding is it Boun in klup wurden dy’t troch gjinien mear serieus wurden nommen, de Provinsje gniist alinnich mar om dit keardeltsje.

Mar ik waarmje dochs mar in bakje iten op.

UPDEET: ús Aapke hat ek wer wat te melden, tegearre mei ús Elske: (op Facebook fansels, dêr sitte de digibeten tsjintwurdich)

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
9 years ago

Aap, noot, misère, no.