Besprek de Moanne jiergong 9, nû. 4 (diel 1)

Ja, wy moatte fierder.

Der stiet in hiel kreas frommeske op de nije Moanne, soe se al ferkearing hawwe? It is Ola Mafaalani. Wa? Ola Mafaalani. No, dy mei fan my wol in 8.3 krije. Wat sifer soe Knilles fan Ola krije? Wa spilet ris foar relaasjekonsulint?

Ik hie it der al earder oer, mar der kamen gjin goede oplossingen. De kollum fan Karen Bies sit in nuver flaterke yn, ik tink dat de Korrektor taslein hat, dy hat fansels tocht fan: ‘dêr stiet fan de Del fan ’63, mar dat moat fansels de Hel fan ’63 wêze.’ Mis Korrektor! It giet oer de Fryske pornofilm en net oer it safolste wanprodukt fan Steven de Jong (net te betiizjen mei Steven H.P. de Jong, en ek net mei Steven Spielberg). No, Karen giet de goede kant op, se hat wrachtich wat humor, sa docht bliken. In bytsje. In 7.1.

Grytsje Schaaf har kollums, ik wit net ik wit net. It is in alderaardichst persoan, en in goede dichteresse, mar ditsoarte wurk… Ik wit net. Ik hear net by de doelgroep, dat sil it wêze. In 6.3.

Ernst Bruinsma hat it yn syn redaksjoneel oer de lytse útstalling dy’t Rudy Hodel yn it Fries Museum delsetten hat. Ernst fynt it skitterjend, ik fyn it absolút neat wurdich. En ik haw gelyk, alteast op dit plak al. In 5.9 foar Bruinsma.

En dan in petear mei de al earder neamde Ola Mafaalani. It hat der wol fan as wol de Moanne ta op gearfoeging fan de Noardlike provinsjes, want Ola is artistyk lieder fan it Grinzer Toaniel Selskip NNT. Wat hat soks mei Fryske kultuer te krijen? Fierders net ûnaardich hear. Antine Zijlstra stelt wol sokke djipsinnige fragen, jo wurde der kâld fan. “Waarom is het belangrijk dat er theater gemaakt wordt? ” Dat se dan ek noch antwurd kriget… Soks falt ommers yn de kategory fragen “Waarom zijn de bananen krom?” in 6.2.

Letter fierder en ik smyt aanst in pizza yn de ûne.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *